Maitiidswaar soarget foar minder besikers Museumwike

Minder minsken hawwe yn de ôfrûne Museumwike nei Fryske museums ta west. Guon museums hiene sels de helte minder besikers as foarich jier. Neffens Museumfederaasje Fryslân leit dit oan it moaie maitiidswaar fan de ôfrûne dagen. Neffens tellingen fan de federaasje hawwe yn totaal 10.000 minsken de 30 dielnimmende museums yn Fryslân besocht. Foarich jier wiene dat noch 18.000.
It wie it tredde jier dat der in Museumwike organisearre waard, in ferfolch op it súksesfolle Museumwykein. Foar de soad Fryske musea is in hele museumwike lykwols te lang. Sy kieze derfoar om har te fokusjes op it lêste wykein fan de museumwike. It Fries Museum yn Ljouwert en it Planetarium yn Frjentsjer lutsen de measte besikers yn dat wykein.