Iepenloftmuseum De Spitkeet wol mear bern lûke

09 apr 2017 - 17:56

Temapark De Spitkeet op De Harkema wol mear bern nei it iepenloftmuseum lûke. It museum fynt it wichtich dat de generaasje fan no sjocht hoe earm Harkema en omkriten 100 jier lyn wie. Mei nij lesmateriaal sil op skoallen ferteld wurde hoe't de minsken libben, wennen en wurken op de Frysk-Grinzer heide.

De minsken wennen doe yn lytse spitketen, makke fan plaggen. Faak gie it om grutte arbeidersgesinnen dy't mei mear as tsien bern en in geit yn in keet wennen en soms selfs ûnder de grûn yn in dykswâl.

It iepenloftmuseum bestiet sûnt 1990 en lûkt hieltyd mear besikers. Ferline jier kamen der mear as 15.000 minsken nei it temapark op De Harkema. Ut ûndersyk docht bliken dat de besikers út alle dielen fan it lân komme.

(Advertinsje)
(Advertinsje)