'Slachthynder' Derek Buitenzorg wint wedstriid yn Grins

Derek Buitenzorg hat snein de wedstriid op de draafbaan fan Grins wûn, mei pikeur Arend de Wrede. Derek kaam yn de lêste ronde fanút it midden fan it fjild opsetten en lei by de finish in hynder foar.
It hynder waard yn 2010 troch de sportredaksje fan Omrop Fryslân fan de slacht rêden en oplaat ta draafhynder.
Yn septimber foarich jier wûn Derek syn earste race yn seis jier op de draafbaan fan Wassenaar.