Winst foar VV Hearrenfean, Snits Wyt Swart giet ûnderút

09 apr 2017 - 15:52

VV Hearrenfean hat snein de Haadklasse A-wedstriid wûn fan De Bataven. Op Sportpark Skoatterwâld waard it 3-0. De doelpunten kamen op namme fan Jacco Kuiper, Ivar Span en Niels den Haan.

Snits Wyt Swart ferlear yn in doelpuntryk duel fan Woezik út Wijchen mei 4-3. Snits rûn yn de earste helte efter de feiten oan en stie al foar rêst mei 3-0 achter. Snits kaam yn de twadde helte noch werom oant 3-2, mar Woezik dielde healerwege de genedeklap út troch de 4-2 te skoaren. Yn de slotefaze waard it noch 4-3.

(Advertinsje)
(Advertinsje)