Riemer van der Velde is kritysk op KH2018

09 apr 2017 - 15:10

Riemer van der Velde is tige kritysk op de organisaasje fan KH2018. Benammen dat der sa'n soad minsken fan bûten Fryslân oanlutsen wurde stekt de âld-foarsitter fan fuotbalklup SC Hearrenfean. Der binne neffens him genôch Friezen dy't dat ek wol kinne: "Jou my in dei en ik ha tsien minsken dy't in goed programma delsette kinne."

De opset fan 'Simmer 2000' hat neffens Van der Velde sjen litten dat we soks hjir bêst sels kinne. Riemer van der Velde die syn útspraken snein yn it Nijsfoarum by Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)