Ynwenners gemeenten kinne op politike kursus

© ANP
Ynwenners fan de gemeenten De Fryske Marren, Hearrenfean, Opsterlân, Smellingerlân en Weststellingwerf kinne meidwaan oan de kursus Politiek Actief. De gemeenten wolle harren ynwenners sa yn de kunde komme litte mei de lokale polityk en entûsjast meitsje om polityk aktyf te wurden.
De kursus is fergees en begjint 10 maaie op It Hearrenfean. Der binne seis byienkomsten, ûnder oare op De Jouwer en yn Drachten. Neist teory is der omtinken foar debattearjen en lobbyen.
De kursus wurdt fersoarge troch ProDemos, it hûs foar demokrasy en rjochtssteat.