Man besiket fuotgongers oan te riden yn De Westereen
Yn De Westereen hat in man sneontenacht twa kear besocht om in persoan oan te riden. By de twadde poging koe de plysje de fertochte oanhâlde. It giet om in 47-jierrige man sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. De man wurdt fertocht fan poging ta deaslach.
De plysje Noardeast Fryslân hie in drokke nacht. Yn Holwert en Surhústerfean waarden minsken betrape mei drugs yn de auto en yn Hurdegaryp waard in 17-jierrige jonge oppakt foar mishanneling. Yn Dokkum waard in kroechbesiker bestellen fan syn tillefoan.
Trefwurden:
De Westereen poging ta deaslach plysje Noardeast-Fryslân drugs Holwert It Surhústerfean Hurdegaryp Dokkum