Twa ûngelokken op de Ofslútdyk

09 apr 2017 - 12:53

Op de Ofslútdyk by Koarnwertersân binne sneintemiddei koart efter elkoar twa ûngelokken bard. In automobilist ried yn op in file en knalde dêrnei tsjin de fangrail oan. Troch de file dy't dêrnei ûntstie rekken der noch twa auto's yn botsing mei elkoar. Dat barde op in pear hûndert meter fan it earste ûngelok. De brânwacht en ambulânse binne oanwêzich, op syn minst ien persoan is nei it sikehûs brocht.

It ferkear op de Ofslútdyk komt ynmiddels wer op gong mar der is noch wol wat fertraging.

Trefwurden: 
Ofslútdyk ûngelok
(Advertinsje)
(Advertinsje)