Kollumerlân op syk nei âlde foto's foar lêste gemeentegids

09 apr 2017 - 12:07
Gemeente Kollumerlân

De gemeente Kollumerlân is foar de allerlêste gemeentegids op syk nei âlde foto's. Omdat de gemeente yn 2019 fusearret mei Dongeradiel en Ferwerderadiel, jout Kollumerlân noch ien kear in eigen gemeentegids út. It is de bedoeling dat dy makke wurdt yn gearwurking mei de ynwenners. Dêrom wurdt der in foto-wedstryd organisearre. Dêrfoar wol de gemeente âlde foto's hawwe dy't yn it ferline yn Kollumerlân makke binne. De winnende foto komt op de foarside fan de gemeentegids te stean, de oaren krije in plakje yn de gids. Der binne trije jildprizen. In sjuery, mei dêryn ûnder oare boargemaster Bilker beoardielet de foto's.

(advertinsje)
(advertinsje)