Feanwâlden wol eigen ferzje The Passion

© Omrop Fryslân
Feanwâlden wol takom jier in eigen ferzje fan The Passion bringe, ferdield oer twa dagen. By de Schierstins yn Feanwâlden is op sneon 24 maart de foarstelling fan de yntocht fan Jezus yn Jeruzalem. Hjir sille benammen bern in wichtige bydrage oan leverje. De oare deis giet it ferhaal fierder op trije ferskate lokaasjes. Ruth Hanemaayer fan Dokkum is de regisseur. Atsje Lettinga en har man Sander Stienstra binne ferantwurdlik foar de muzikale begelieding.
Der binne sa'n hûndert frijwilligers nedich foar de organisaasje fan it evenemint. Net allinnich sjongers en spilers, ek minsken foar ûnder oare de technyk en de finânsjes. Op 1 maaie is der yn sealesintrum De Mienskip yn Feanwâlden in ynformaasjebyienkomst foar belangstellenden. Ek minsken bûten it doarp kinne meidwaan oan The Passion. De audysjes binne op 16 en 18 juny.