Fryslân fiert 500 jier protestantisme

08 apr 2017 - 22:52

Dit jier is it 500 jier lyn dat Maarten Luther mei syn 95 stellingen it begjin ynliede fan wat we no 'de reformaasje' neame. Dit is ek in begjin fan it protestantisme. De lanlike tsjerke organisearret in estafette by alle provinsjes del om dit te fieren. En sneon kaam dizze estafette ek nei Fryslân, nammentlik yn Frjentsjer en Jorwert.

It Fryske tema is 'ferhalen fertelle'. Der kamen dan ek ferhalen fan 500 jier lyn oan bar én ferhalen fan no. Yn Frjentsjer nûgen as Menno Simons en Anna Maria van Schurman ferklaaide fertellers minsken út om nei ferhalen te lústerjen. Ek yn Nijkleaster yn Jorwert waarden sneon ferhalen ferteld, dy't ferbûn binne mei it kleasterlibben yn Fryslân.

De protestantske tsjerke is noch hieltyd populêr, mient Margarithe Veen, foarsitter fan de Ried fan Tsjerken Fryslân en organisator fan de estafette, ek al is der yn guon tsjerken wol sprake fan fergrizing. "Jongeren belijden het geloof op een andere manier. Dat hoeft niet meer altijd op zondag in de kerk, maar kan ook door een gesprek of activiteit."

(Advertinsje)
(Advertinsje)