Streppel: "Vermakelijke wedstrijd, maar slecht resultaat"

08 apr 2017 - 22:25

Sportklup Hearrenfean ferlear sneontejûn mei 4-2 fan Vitesse, mar trainer Jurgen Streppel bliuwt optimistysk. "Ik heb een vermakelijke wedstrijd gezien. Maar ik ben voor Heerenveen, dus de wedstrijd is niet helemaal zoals ik zou willen."

Streppel seach dat syn ploech in soad goed die tsjin Vitesse: "Bij mij is het glas altijd halfvol. Ik heb genoten van mooie doelpunten van ons. Ik heb genoten van bij vlagen aanvallend voetbal. Ik heb genoten hoe we in de tweede helft druk zetten." Dochs hat er him ek steurd oan de wize fan ferdigenjen: "Wij geven de doelpunten veel te gemakkelijk weg. Ook de manier van druk zetten was apathisch, veel te afwachtend."

Mulder kritysk

Doelman Erwin Mulder hâldt in min gefoel oer oan de wedstriid. Hy wie nei ôfrin foaral kritysk oer de tsjindoelpunten. Neffens him ha guon teamgenoaten harren net oan de ôfspraken hâlden by standertsituaasjes. "Als je afspraken niet nakomt, dan win je geen enkele wedstrijd", seit Mulder teloarsteld.

Tsjindoelpunten

Hearrenfean krijt de lêste tiid in protte tsjindoelpunten. Ferdigener Wout Faes fynt dizze doelpunten ûnnedich en wol der mei de ploech hurd oan wurkje om se foar te kommen. "Deze goals moeten worden voorkomen, maar het is nog niet zo gemakkelijk een oplossing te vinden. Het moet wel snel verbeterd worden, want zo kan het natuurlijk niet verder."

De folgejende wedstriid fan SC Hearrenfean is op snein 16 april by Ajax.

(Advertinsje)
(Advertinsje)