Lugubere fynst yn Drachten; ein spytst op trekheak
De plysje waard sneon konfrontearre mei in lugubere foarm fan biste-mishanneling. Op de Easterstrjitte yn Drachten troffen se in ein oan dy't spytst wie op de trekheak fan in auto.
De dieder of dieders binne noch net fûn. De plysje is no op syk nei tsjûgen dy't mear ynformaasje hawwe oer it ynsidint.