Reüny op It Hearrenfean foar âld-meiwurkers gemeenteplysje

Op it plysjeburo fan It Hearrenfean wie sneon in reüny foar âld-meiwurkers fan de gemeenteplysje. Dy bestie tusken 1947 en 1993. Dêrnei is de gemeenteplysje oergien yn de regioplysje.
Goed 100 âld-meiwurkers wiene oanwêzich om herinneringen op te heljen. Foar de gelegenheid hie de organisaasje fan de reüny âlde unifoarms fan de gemeenteplysje oandien. Ek wiene der foto's en krante-artikelen te besjen.