Klaaikeamers fuotbalklup BCV Burgum leechrôve

De klaaikeamers fan fuotbalklup BCV Burgum binne sneontemiddei leechrôve. Dit barde ûnder de wedstriid fan de thúsklup tsjin de Ljouwerter Sweltsjes. Persoanlike besittingen fan spilers fan beide klups binne ferdwûn. It giet ûnder oare om beurzen, telefoans, horloazjes en kontant jild.
De klaaikeamers sieten net op slot. Gewoanwei leverje de spilers harren eigendommen yn en wurde dy op in feilich plak bewarre. It docht bliken dat net alle spilers dit dien hawwe en weardefol guod yn de klaaikeamer lizze litten hawwe. Neffens ien fan de spilers soe der mei syn pinpas al pind wêze by in supermerk yn Drachten.
De plysje is ynskeakele en de dupearre spilers sille oanjefte dwaan.