Harkemase Boys wint fan Odin '59

Harkemase Boys hat sneontemiddei thús de tredde difyzjewedstriid fan Odin '59 wûn. Op sportpark De Bosk waard it 3-1 foar de ploech fan trainer Henk Herder.
Harkemase Boys iepene yn de 17de minút de skoare. Heine Uuldriks prikte de bal yn de rebound fan Oebele Schokker efter Odin-keeper Van Dijk. De Boys ferdûbelen dy skoare foar it skoft troch in fan rjochting feroare skot fan Matthijs Hardijk: 2-0. Odin '59 ferlytse de efterstân noch oant 2-1 troch in doelpunt fan Jeffrey Klijbroek, mar al gau stie it 3-1 foar de thúsploech troch opnij Hardijk.
Troch de winst klimt Harkemase Boys no nei it sânde plak yn de sneons tredde difyzje. Se ha 41 punten.