Fryske ballonfarder hat wrâldrekôr te pakken

Ballonfarder Johannes Kooistra fan Sint-Jânsgea hat freed mei sukses meidien oan in wrâldrekôrpoging om mei 89 ballonnen it Kanaal tusken Ingelân en Frankryk oer te stekken. Yn twa oeren en tweintich minuten wisten Kooistra en syn freondinne Nynke it Kanaal fan Dover nei Calais oer te stekken.
De dielnimmers wiene yn it foar selektearre. Se moasten oan allerhanne strange feilichheidsregels foldwaan. Sa moasten se in survivalsuit oan board ha. It wetter yn it Kanaal is no sa kâld, dat je binnen twa minuten ûnderkuolle reitsje.