Himpkwekerij oprôle yn Ljouwert
Yn de Essenstrjitte yn Ljouwert is freedtemoarn in himpkwekerij oprôle. Yn it gebou waarden 430 himpplanten fûn en de stroom foar de kwekerij waard yllegaal ôftape. De planten binne yn beslach naam en ferneatige.
Der wurdt noch ûndersocht wa't de eigener fan de kwekerij is.