Rekôrtal dielnimmers by iepeningswedstriid AV Hearrenfean

08 apr 2017 - 15:49

Atletykferiening AV Hearrenfean hat mar leafst 228 ynskriuwingen krigen foar de iepeningswedstriid fan it bûtenseizoen, en dat is in rekôr. In moaie opstekker, sa oan it begjin fan it bûtenseizoen.

Dafne Schippers-effekt

De organisaasje tinkt dat de suksessen fan Nederlânske atletyk-toppers as Dafne Schippers en Sifan Hassen mooglik ynfloed hawwe op de tanimmende populariteit fan de sport.

De dielnimmers oan de wedstriid op It Hearrenfean komme út it hiele lân, mar benammen út it Noarden. Sa'n tritich atletykferieningen ha dielnimmers ynskreaun.

Trefwurden: 
AV Hearrenfean atletyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)