Gemeente sjocht opnij nei feiligens by The Passion

08 apr 2017 - 13:49

Kommende tongersdei wurde der tsientûzenen minsken yn Ljouwert ferwachte, as it spektakelstik The Passion hjir hâlden wurdt. Nei de oanslaggen yn Londen en ôfrûne freed yn Stockholm, hat de gemeente Ljouwert alle draaiboeken opnij tsjin it ljocht hâlden en oanskerpe. Sa wurde stegen om it spektakel hinne ôfsletten. Dêrby oerleit de gemeente mei de plysje, justysje en de lanlike oerheid.

It is neffens boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert feilich om nei Ljouwert te kommen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)