Hans Konst nije foarsitter PvdA Fryslân

08 apr 2017 - 12:08

Hans Konst is sneontemoarn keazen as nije foarsitter fan de PvdA Fryslân. Hy waard keazen by de gewestlike foarjiersfergadring yn Burgum. De âld-deputearre fan De Jouwer folget Henk Korthof op. De provinsjale PvdA hat by de byienkomst ek in moasje oannaam weryn't se de gemeente Hearrenfean oproppe om de besuniging op it Museum Hearrenfean yn te lûken. Troch de besuniging op it museum driget it Ferdinand Domela Nieuwenhuis museum dakleas te wurden.

(advertinsje)
(advertinsje)