Grou yn aksje foar troffen hoarekagelegenheden

08 apr 2017 - 11:58

Yn Grou binne yn koarte tiid twa karakteristike hoarekagelegenheden folslein yn de jiske lein troch in brân. Ein febrewaris baarnde it Teehûs al út, freed waard it restaurant Trije Hûs op it eilantsje mei deselde namme ek troffen.

In grutte klap foar de hoareka yn Grou en dêrom komt it doarp no, mei it wettersportseizoen foar de doar, yn aksje om de troffen ûndernimmers te helpen.

Foar it Teehûs wie dit wykein al it evenemint Ontdek Meer pland op it skip de Frisian Queen, dat no op it plak fan it Teehûs leit. It evenemint giet troch mar krijt no't Trije Hûs ek útbaarnd is in ekstra lading.

(Advertinsje)
(Advertinsje)