Bidde foar goed ferrin fan The Passion

08 apr 2017 - 09:46

In groepke fan sa'n 20 Friezen rint hjoed biddend troch it sintrum fan Ljouwert. De inisjatyfnimmers wolle sa God freegje oft hy de útfiering fan The Passion, no tongersdei yn Ljouwert, segenje wol. Ferwachte wurdt dat it spektakelstik, dat ek by de EO op de telefyzje te sjen is, in soad belangstellenden nei Ljouwert lûke sil. En dat kin guon minsken op ferkearde ideeën bringe, tinke de inisjatyfnimmers, ferwizend nei de oanslach yn Stockholm juster. Dêrom wolle se God freegje oft hy de stêd beskermje wol.

(Advertinsje)
(Advertinsje)