Kollum: "Alvestêdetocht yn 2018"

"Wat soarget foar de bêste garânsje dat it drûch bliuwt as je nei bûten ta geane? Krekt. Nim in paraplu mei. Grutte kâns dat je him net hoege te brûken. Hoe losse je pine yn de mûle op? Meitsje in ôfspraak mei de toskedokter en de kwaal is faak al wer oer. It binne fan dy net skreaune wetten. Myn beppe wie in apart meubel, as der in stien op it fytspaad lei, sei se: ‘Dêr moat ik net oerhinne fytse.’ Dus stuitere se der boppe-op. It binne nuvere saken, mar jim sille se grif ek wolris meimakke ha.
De frou ek ik wiene snein even te fytsen, want de fytspont by Iesicht op De Feanhoop fart wer en dat is in moai rûntsje op snein. Earst troch Drachten en dan fia De Pein nei Aldegea, dêr’t jim Omropkolumniste fan moandeis wennet. It is begjin april en dat is de tiid dat de iisklupbestjoerders beslute dat der gjin winter mear komt en dus lûke se in skúf iepen en litte se it wetter fan de iisbanen rinne. Dat fyn ik ien fan de meast tryste mominten fan it jier. Want ja, ein 2016 en begjin 2017 wie wer in winter sûnder echt sterk natueriis. En al dy iisbanen yn alle doarpen fan Fryslân hat amper in flueske op lein.
Yn De Pein ha se ek in prachtige baan, mei in nij kluphûske. Tsjinoer de fuotbalfjilden fan ONT. Mar no is de baan wer grien, oer in wike as wat komme der skiep yn en sa giet dat no al jierren. Eltse hjerst as de blêden fan de beammen binne litte hûnderten iisbaanmantsjes fol goede moed it wetter wer op de baan, hoopjend op in moai winterke sadat der fleurige iisbaanmuziek draaid en de kas wat spekt wurde kin.
No, jim kinne it sa stadichoan wol ferjitte. Yn de achttjin jier dat wy yn Boarnburgum wenje, ha ik ien winterke echt bûtenút ride kinnen. Fan De Feanhoop nei Grou en oer Akkrum en Boarn werom oer it Polderhaadkanaal. Ien kear yn al dy achttjin jier. De lêste Alvestêdetocht wie yn de foarige ieu en mei de opwaarming fan de ierde soe it bêst ris sa wêze kinne dat dat ek de lêste west hat. Dat is ferhipte spitich, want wat soe it moai wêze as der wer ris in knappe winter kaam. Bern op fivers en sleatten te riden, hockeye en miskien in pear moaie tochten. De bern fan no ha gjin idee wat dat is.
Dus bêste Omropharkers, it is tiid foar in masterplan. Snein op de fyts yn De Pein hienen de frou ek ik it der oer en samar foel it kwartsje. Oar jier is it 2018, dan stiet Fryslân oeral yn de belangstelling. En wat soe it moai wêze om de tocht der tochten dan te riden. Ik kom even werom op it begjin fan de kollum. Hoe bliuwe je drûch? Troch in paraplu mei te nimmen. Dus is de oplossing sa simpel as it mar kin. Al dy iisklupmantsjes moatte dizze hjerst gewoan de iisbanen grien litte. Gjin wetter der op, want it wurdt dochs gjin winter wer. Grutte kâns dat we dan in bak froast krije en wa wit kinne wy dan wer ris echt ride. Dus, wolle jim in Alvestêdetocht yn 2018? Lit de skiep op de iisbanen rinne. Garandearre dat der winter komt. Let mar op."
Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Ek presintearret er geregeld Flyers TV. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels. Ferdinand is te folgjen op Twitter.