Harmke oerlibbe hichtesykte: "Ik moast de top helje"

08 apr 2017 - 08:21

Harmke van der Werf fan Dearsum wie sa'n famke dêr't de enerzjy fan ôfspatte. Se koe alles oan. Harmke stie foar de klasse, fuotballe, wie sportmasseur, en die der ek noch in stúdjze neist. Mar dêr kaam oardel jier lyn in ein oan. Yn oktober 2015 is se yn Afrika, mei ûnder oare it doel de Kilimanjaro te beklimmen. In berch fan 5895 meter heech. Se wit fan it gefaar fan hichtesykte, mar as har lichem har warskôget, harket se net.

Harmke sil yn seis dagen de Kilimanjaro beklimme. De groep dêr't se mei rint nimt op 4000 meter in dei rêst, om oan de hichte te wennen. Harmke net, sy hat mei har gids ôfpraat dat se yn ien kear troch wol. Hoe heger ast komst, hoe minder soerstof der yn de lucht sit. Spieren ha soerstof nedich om in prestaasje te leverjen. Is der net folle soerstof, dan bliuwt der dus minder oer foar de harsens. Harmke krijt pine yn 'e holle. "Se fregen hoe slim myn pineholle wie op in skaal fan ien oant tsien. Ik hie noch nea sa'n pineholle hân, mar sei: trije. It slimste dat my gebeure koe wie dat se seinen: Harmke do moast werom." It iten hâldt se ek net mear binnen, mar se wit de gids te oertsjûgjen dat se fierder kin. "Op in gegeven momint sakke ik troch myn fuotten, steeds wie ik efkes fuort en dan tocht ik: wêr bin ik? En doe wie it sinjaal fan eangst der net mear." Tusken twa manlju yn rint se noch in oere troch nei de top. "Ik wit dat ik der west ha, mar hoe en wat dat wit ik net mear." Se hat ûnderweis tocht dat it gebeurd wie mei har, en dat fûn se op dat momint ek goed.

Werom yn Nederlân giet se der fanút dat se efkes herstelle moat, mar dat dan alles wer goed komme sil. Neat is minder wier. Harmke hat in harsenoedeem oprûn. Der hat te min soerstof yn har harsens west en der is focht yn kommen. Hjirtroch is der in soad druk op de harsens kommen en binne funskjes ûnderdrukt. Neffens har dokter hat se tichtby de dea west. Prate, rinne, ite en drinke, se hat problemen mei alles. Nei oardel jier revalidearjen hat se noch altyd lêst fan drokte: tefolle prikkels kin se net mei omgean. "Hjirfoar die ik sa'n soad en as ik dêr wer in part fan dwaan kinne soe dan soe ik dat hiel moai fine, mar ik kin it net wer allegear."

Harmke har folsleine ferhaal is ta hearren yn Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)