Oranjefroulju ferlieze oefenwedstriid fan Frankryk mei 2-1

07 apr 2017 - 22:20
Sherida Spitse stie net yn de basis, mar makke in goede ynfalbeurt - Foto: AWfoto

De Oranjefroulju hawwe freedtejûn de oefenynterlân tsjin Frankryk ferlern. Yn Utrecht waard it 2-1 foar de nûmer trije fan de wrâld. Nederlân die yn de begjinfaze net ûnder foar Frankryk en krige sels de earste kâns fan de wedstriid. It eigen doelpunt dat Anouk Dekker makke wie dêrom ekstra soer.

De Oranje Liuwinnen giene dêrnei foar de lykmakker, mar ta in doelpunt kaam it net. Frankryk kaam healwei de twadde helte sels op 2-0. Sherida Spitse fan Snits makke in goede ynfalbeurt oan de ein fan de wedstriid. Nei in skitterjende oanfal fan har, makke Lieke Martens it kreas ôf en sette de einstân op 2-1.

Trefwurden: 
fuotbal Oranjefroulju
(Advertinsje)
(Advertinsje)