Esonstêd mooglik oan nije farrûte Dokkum-Lauwersmar

07 apr 2017 - 21:58

De kâns dat de nije farrûte oer de Súd Ie fan Dokkum nei de Lauwersmar by fakânsjepark Esonstad del komt, liket hieltyd grutter te wurden. Yn it oarspronklike plan kaam de rûte út by de âlde seeslûs fan Iezumasyl. Mar it mei elkoar ferbinen fan Dokkum en Esonstad as toeristyske sintra wurdt al langer as in noch bettere opsje sjoen. Dêr wurdt op it stuit ûndersyk nei dien en de earste resultaten dêrfan lykje hiel posityf. Der sit allinnich noch in gat fan in pear ton yn de begrutting en der is noch gjin formeel akkoart mei de belutsen grûneigners.

Al liket dat wol goed te kommen, sa fertelden meiwurkers fan it projektburo Súd Ie freedtejûn op de jiergearkomste fan de feriening fan eigners fan Esonstad. Yn dit plan moat der wol in nije skutslûs boud wurde yn de Nije Feart ûnder de dyk nêst Esonstad by de Skâns. De kosten fan dizze rûte nei de Lauwersmar wurde rûsd op 4,5 miljoen euro.

Trefwurden: 
Espnstêd Súd Ie
(Advertinsje)
(Advertinsje)