Sportklup Cambuur set NAC Breda oan 'e kant

07 apr 2017 - 21:58

Sportklup Cambuur hat freedtejûn fertsjinne wûn fan konkurrint NAC Breda. Yn Brabân waard it 2-0 en dêrmei hawwe de Ljouwerters wer trije belangrike punten te pakken mei it each op de play-offs.

Yn de enervearjende iepeningsfaze hie NAC it bêste fan it spul, mar Cambuur naam nei in kertier it inisjatyf oer. Nei in tal grutte kânsen, beleanne Sander van de Streek de Ljouwerters troch in kertier foar rêst de 1-0 te skoaren.

Cambuur dominearre de fierdere earste helte en pas healwei de twadde helte sette NAC wat mear druk. De Ljouwerter ferdigening stie lykwols as in hûs, ta frustraasje fan de Bredanaars. Stefano Lilipaly besliste krekt foar tiid de wedstriid troch de 2-0 op prachtige wize yn de krusing te kroljen.

Troch de winst rint Cambuur út op de konkurrinsje, want Almere City ferlear fan VVV Venlo en MVV ferlear by FC Den Bosch.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur
(Advertinsje)
(Advertinsje)