Finalisten fan SjONG binne bekend

07 apr 2017 - 21:34
De finalisten fan SjONG binne bekend - Foto: www.sjong.nl

De finalisten fan SjONG binne bekend. Njoggen finalisten stean yn de finale fan it Fryske sjongfestival foar jongerein tusken de 12 en 18 jier. Dy wurdt 3 juny hâlden yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert. De finalisten binne

1. Tara van der Meulen (Bogerman Snits) mei 'In moaie dream', orizjineel: Burning house fan Cam
2. Sara en Lisa (Bogerman Wommels/Snits) mei 'Freonskip', orizjineel: Remedy fan Adele
3. Baukje de Graaf (Liudger Burgum) mei 'Doe't wy jong wiene', orizjineel: When we were young fan Adele
4. Iris Bosma (Drachtster Lyseum) mei 'Prins op in Frysk hynder', orizjineel: White horse fan Taylor Swift
5. Nynke en band (Bogerman Snits) mei 'Myn nije thús', orizjineel: Feels like home fan Chantal Kreviazuk
6. Katie Aaldersova (Lyndensteyn Beetstersweach) mei 'Blomke', orizjineel: Hoe lang fan Nick & Simon
7. Nicole & Anniek (Bornego College It Hearrenfean) mei 'Frij', orizjineel: This town fan Niall Horan
8. Rixt Rypma (Friese Poort Snits) mei 'Myn dream fan ea', orizjineel: I dreamed a dream fan Susan Boyle
9. Elske en Marten (Bornego College Snits en Hanzehogeschool Grins) mei 'Yn waar en wyn', orizjineel: Calm after the storm fan The Common Linnets

Fideoklip

De audysjedagen wiene op 5 en 6 april yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. Studinten regissearren en filmen de audysjes. Alle dielnimmers krije in fideoklip en dy binne nije wike te sjen op it YouTube kanaal fan Cedin/sintrum meartaligens.

Ekstra optreden finalisten

De audysjedagen wiene op 5 en 6 april yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. Studinten regissearren en filmen de audysjes. Alle dielnimmers krije in fideoklip en dy binne nije wike te sjen op it YouTube kanaal fan Cedin/sintrum meartaligens.

Ekstra optreden finalisten

De finalisten wurde op de finale taret mei in workshop fan Vangrail-sjonger Raynaud Ritsma. Dêrneist trede se op freedtemiddei 12, 19 en 26 maaie en 2 juny op by Noardewyn, it programma fan Omrop Fryslân. Dy optredens wurde live útstjoerd op radio, tv en ynternet.

SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, organisearre troch Cedin. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêrmei dogge se audysje, mei 'live'-begelieding of mei in karaokebân. De bêste dielnimmers geane troch nei de finale. Doel fan SjONG is om jongeren entûsjast te meitsjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.

Trefwurden: 
Sjong finale
(Advertinsje)
(Advertinsje)