Poiesz dielt 500.000 euro fan Jeugd Sponsor Actie út

07 apr 2017 - 21:19
Hûnderten ferienings krije jild fia de sponsoraksje - Foto: Poiesz Supermarkten

Hûnderten sport- en muzykferieningen yn Noard-Nederlân meie in stipe fan goed fiif ton ferdiele. It jild waard de ôfrûne tiid byinoar swile troch klups dy't meidiene oan de Jeugd Sponsor Actie fan supermerk Poiesz. Alle dielnimmende ferienigingen mochten freedtejûn harren sjek ophelje yn it WTC-Expo yn Ljouwert, dêr't Poiesz in spesjaal gala organisearre.

"Als familiebedrijf van en voor het Noorden vinden we het belangrijk dat muziek, sport en spel bereikbaar is en blijft voor de jeugd en daarom ondersteunen we met de Jeugd Sponsor Actie honderden verenigingen uit de regio", seit Rob Terstappen fan Poiesz. "Aan de reacties van bestuursleden en ouders van jeugdleden merken we hoe belangrijk de extra financiële steun van de Jeugd Sponsor Actie is."

It wie de 12e kear dat Poiesz de Jeugd Sponsor Actie organisearre.

Trefwurden: 
Jeugd Sponsor Actie Poiesz
(Advertinsje)
(Advertinsje)