Ljouwert organisearret opnij WK kuorbal ûnder 19 jier

07 apr 2017 - 20:45

Ljouwert organisearret  opnij it wrâldkampioenskip kuorbal foar jongerein ûnder de 19 jier. It evenemint wurdt hâlden yn sporthal Kealledykje en de Camminghahal. It WK is it grutste ynternasjonale kuorbalevenemint yn de wrâld foar dizze leeftydsgroep. De nasjonale seleksjes fan fyftjin lannen dogge mei. It talinteteam fan it distrikt Noard fan it Nederlânske kuorbalbûn makket it dielnimmersfjild kompleet. It evenemint begjint op 14 april en duorret oant en mei 16 april.

De Nederlânske kuorbaljeugd waard de ôfrûne njoggen jier wrâldkampioen.

(advertinsje)
(advertinsje)