UPDATE: Utslaande brân yn wenhûs yn Beetstersweach

07 apr 2017 - 20:36
Utslaande brân yn in wenhûs yn Beetstersweach - Foto: De Vries Media

Oan de Utein yn Beetstersweach is freedtejûn tsjin acht oere brân útbrutsen yn in wenning. De brân ûntstie yn ien fan de sliepkeamers fan in rychjeshûs. It gie om in útslaande brân en de brânwacht skaalde al gau op nei middelbrân. Se rieden mei meardere weinen út om it fjoer te bestriden en hiene dit om goed njoggen oere ûnder kontrôle. Der wiene gjin persoanen mear oanwêzich yn it hûs.

It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.

Trefwurden: 
Beetstersweach brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)