'It paad nei Frijheid' yn Tytsjerk werom nei 1940-1945

07 apr 2017 - 20:28

Hoe seach it libben der út yn Tytsjerk yn de oarlochsjierren? Kamen de doarpsbewenners tichter byelkoar of krekt net? Wie der genôch te iten en wie der miskien noch wat oer foar oaren? It bin fragen dy't oan 'e oarder komme yn in teatrale en keunstsinnige rûngong troch it doarp sa't it wie yn de jierren 1940-1945.

"It paad nei Frijheid", stelt ek hjoed-de-dei wer fragen: hoe gastfrij bin we no tsjin flechtlingen oer en hoe reewillich binne we om te dielen? It stik dat al skoften folslein útferkocht is, waard makke troch tsientallen frijwilligers.

Trefwurden: 
It paad nei Frijheid
(Advertinsje)
(Advertinsje)