Eigener fan 'Trije Hûs' wit net hoe't it fierder moat

07 apr 2017 - 19:48

Ulbe Dijkstra, de eigener fan restaurant 'Trije Hûs' hat even gjin konkrete gedachten oer de takomst. Hy seach it restaurant freed yn in pear oeren tiid yn flammen opgean. Dijkstra hie al gau yn de gaten dat it in ferlerne saak wie, sjoen de problemen om op it eilân te kommen en de yndieling fan it gebou. It earste wat him troch de holle gong wiene de werinnerings oan alle moaie mominten dy't hy dêr belibbe hat. Der sil grif wer boud wurde, mar hoe en wat dêr hat hy no noch gjin sicht op.

Wat hy ek hiel tryst fynt is dat yn Grou koartlyn ek al it Theehús troch brân ferlern gong is. Dêrmei binne twa âlde en markante hoarekagelegenheden ferdwûn.

Trefwurden: 
Trije Hûs Grou Ulbe Dijkstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)