Frou út Surhústerfean feroardiele foar drugshannel

07 apr 2017 - 18:51
GHB

In 20-jierrige frou út Surhústerfean is feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren ûnder betingst foar de hannel yn drugs. Se ferkocht ûnder oare speed oan minderjierrigen. De frou hearde by de saneamde 'Torenpleingroep', in goep jongerein dy't drugs brûkte en foar oerlêst soarge.

Sa naam de frou op in gegeven momint alle dagen in kwart liter GHB. Se seach sels yn dat dit al te mâl wie en socht help foar har ferslaving. Se kearde de 'Torenpleingroep' de rêch ta. De rjochter hat der by it oplizzen fan de straf rekken mei hâlden dat de frou sels in positive draai oan har libben jûn hat.

Trefwurden: 
drugshannel Surhústerfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)