Liet Ynternasjonaal krijt Ljouwert as thúsbasis

07 apr 2017 - 18:42

It festival Liet set in nije koers yn en dat jildt sawol foar de Fryske as de ynternasjonale edysje. Beide festivals sille tenei om it jier yn Ljouwert hâlden wurde. Liet Ynternasjonaal wurdt dit jier noch yn Katokeino, Noarsk Laplân, hâlden, mar dat is dus foar de lêste kear yn it it bûtenlân.

Liet wurdt sterker

Neffens Yvonne Bleize fan it bestjoer wurdt it festival sterker fan dizze nije opset. Yn stee fan alle jierren, wurdt it festival no om it jier hâlden, sawol de Fryske as de ynternasjonale fariant. Sa't it oant no ta gie, wie hast net oerein te hâlden, omdat de druk op de kultuerbudzjetten hieltyd grutter wurdt. Dit betsjut lykwols neffens Bleize net dat der minder wurdearring is foar minderheidstalen.

Talintûntwikkeling

De nije opset fan it Fryske Liet hâldt yn dat der mear oan talintûntwikkeling dien wurde sil. Foar de dielnimmers komme workshops en foar de finalisten in masterclass. Dat wurdt dien yn gearwurking mei poppoadium Neushoorn, sadat ek de ferbining mei de muzykopliedings lein wurdt.

Liet Ynternasjonaal

Foar de ynternasjonale fariant fan Liet binne altyd noch sa'n 40 oanmeldings út 52 minderheidstalegebieten. Uteinlik komme der tsien yn de finale te stean.

Aafke Zuidersma

Dit jier fertsjintwurdiget Aafke Zuidersma Fryslân op Liet Ynternasjonaal. De Omrop folget it op de foet, je kinne Liet Ynternasjonal takom tongersdei op de site fan de Omrop live folgje. En der komt ek noch in dokumentêre oer it festival dy't letter útstjoerd wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)