Syryske famylje hat syn plak fûn yn Koarnjum

07 apr 2017 - 17:39

In Syrysk famke op fuotbal yn Koarnjum. It stiet symboal foar de yntegraasje fan flechtlingen op it Fryske plattelân. De sânjierrige Maran út Damascus wennet sûnt febrewaris yn it doarp. Har heit Haytham is al langer yn Nederlân. Heit, mem en Maran binne no wer by mekoar en it gesin hat syn plak fûn yn Koarnjum.

Diskusje

Maran sit op skoalle yn Britsum, mar no dus ek op fuotbal by de klup DTD yn Koarnjum. Buorman Hendrik Harm Kingma hat in goed kontakt mei it gesin en besiket se te stypjen by de yntegraasje. Nei in skoftke diskusjearjen gie de heit fan Maran akkoart. Leaver hie hy dat Maran op basketbal gie, mar dat is net yn it doarp, en sa't de heit sels ek seit, Maran is noch gjin turf heech dus de basket kin se net helje.

Trochgean

Yn Syrië wurdt wol fuotballe, mar folle minder as hjir. En famkes dogge dêr hast hielendal net oan ús folkssport nûmer ien. Maran wie tige entûsjast by de training. Neffens heit sit der noch net safolle krêft yn har skot, mar dat komt noch wol. It giet om it plezier en de kontakten mei oare bern. En Maran sels geniete dúdlik fan har debút by de DTD-bern. Fanatyk gie se achter de bal oan en wist ek te skoaren foar iepen goal. Op de fraach oft se trochgean wol mei fuotbaljen wie it antwurd dúdlik "Ja!".

Gjin oarloch

De famylje Hasoune hat it tige nei it sin yn Koarnjum. It doarpke leit ûnder de reek fan de fleanbasis Ljouwert. Dat wie wol efkes wenne, seker mei de oefeningen fan Frisian Flag. Mar Haytham fynt it no wol prima: "It is om te oefenjen, it is hjir gjin oarloch."

(Advertinsje)
(Advertinsje)