Skoalbern leare oer fiskmigraasjerivier by Ofslútdyk

It duorret noch wol fiif jier foardat de fiskmigraasjerivier yn de Ofslútdyk klear is, mar no al binne der skoallen dy't der les oer jouwe. Bern út groep 7 en 8 fan de basisskoalle út Himmelum stienen freedtemoarn op it Waadseestrân yn it ramt fan in nij lesprogramma oer de fiskmigraasjerivier. Se leare wat it effekt fan de Ofslútdyk wie op it oantal fisken yn De Iselmar, sizze de inisjatyfnimmers fan it lesprogramma. Dat tal fisken is bot omleech gien sûnt de komst fan de Ofslútdyk. It is de bedoeling dat de fiskmigraasjerivier dat tij keart.