Man út Drachtsterkompenije frijsprutsen fan ûntucht

Justysje © ANP XTRA
In man út Drachtsterkompenije is frijsprutsen fan ûntucht mei syn minderjierrige skoansuske, 12 jier lyn. De man soe doe it famke meardere kearen betaaste ha. It famke hie gjin oanjefte dien, omdat se it houlik fan har sus en sweager net op it spul sette woe. Twa jier lyn is se nei de plysje stapt, doe't it echtpear yn skieding lei.
De fertochte ûntkende it hiele ferhaal en sei dat syn eks-skoanfamylje him in hak sette woe. Neffens de rjochter binne alle ferklearrings werom te fieren op it famke en ha de tsjûgen alles fan hearren en sizzen. Op grûn dêrfan kin ien net feroardiele wurde.