Bart Helmholt beneamd ta earelid fan Ljeppersklup Burgum

07 apr 2017 - 15:15
Bart Helmholt - Foto: Martin de Jong

Ald-fierljepper Bart Helmholt is beneamd ta earelid fan de Ljeppersklup Burgum. Helmholt helle yn syn lange karriêre mear as tweintich kampioenskippen en hast twahûndert deititels. Hy skerpe it Fryske en Nederlânske rekôr oan nei 21,64 meter. Helmholt is it twadde earelid fan de Ljeppersklup Burgum. It earste earelid wie klompmakker Eelke Scherjon, de oprjochter fan de Ljeppersklup.

(Advertinsje)
(Advertinsje)