Soargen by SP oer gaswinning by Warfstermûne

07 apr 2017 - 15:00

De SP yn Provinsjale Steaten makket him soargen oer plannen foar gaswinning yn it gasfjild by Warfstermûne. De NAM soe dêr de frackingmetoade foar brûke wolle. Dan wurde gemikaliën, wetter en keramykkerrels yn de ûndergrûn spuite. Mar in grut part dêrfan komt ek wer boppe en moat dan skjinmakke wurde. Der sit bygelyks metaan yn it wetter en de kâns op radio-aktiviteit is ferhege, seit de SP. Dy freget him ôf oft dat allegear net te gefaarlik is.

De partij wol fan deputearre Schrier witte wat de risiko's binne fan de plannen fan de NAM.

Trefwurden: 
SP gaswinning Pitersyl
(Advertinsje)
(Advertinsje)