It nije Hea!-liet is klear

08 apr 2017 - 14:20

Fan jannewaris ôf hawwe hûnderten harkers en sjoggers fan it telefyzjeprogramma meiwurke oan it ferske yn de foarm fan ynstjoerde teksten en sinnen. Sjonger en muzikant Piter Wilkens hat dêrmei de tekst foar it Hea!-liet skreaun.

Tsientallen amateur-sjongers hawwe dêrnei it liet ynsongen. Foar de opnames fan de byhearende fideoklip hawwe de makkers ek de hiele provinsje trochwest. Hjir is te sjen hoe't it liet de ôfrûne perioade ta stân kommen is. It nije liet is hjoed mei grutskens presintearre yn it radioprogramma Sneon yn Fryslân mei Johan Terpstra en sil tenei geregeld te sjen en te hearren wêze by Omrop Fryslân.

It nûmer, mei fideoklip, is hjirûnder te sjen:

(advertinsje)
(advertinsje)