'As Klaver sa'n baan wol, kin er net thúsbliuwe om de bern"

07 apr 2017 - 14:30

"Wie zo'n verantwoordelijke baan ambieert, moet niet wegblijven om een papadag." Dat wie ien fan de reaksjes op de Ljouwerter freedsmerk op de meidieling dat GrienLinks-foaroanman Jesse Klaver net foar oerlis beskikber is op freed. Op dy dei hat er de soarch foar syn bern. Foar GrienLinks praat Klaver op 't heden mei oer in nije regearingskoälysje dêr't syn partij mooglik ek oan meidwaan kin.

Op de freedsmerk wie der stipe. "Prima, de polityk is in ôfspegeling fan de mienskip. Heitedagen hearre dêr gewoan by" en "Wêrom net? Op ien dei sit it net fêst." Krityk wie der ek: "Dan fynt er dy ûnderhannelingen net belangryk, seker." En: "Hy hat krekt in protte ekstra setels krigen en hat no de kâns om út namme fan it folk mei te praten." Wer oaren tochten dat it neat útmakket: "Dy koälysje mei GrienLinks komt der dochs net, hy moat allinnich foar syn achterban sjen litte dat 'er fan goede wil is." Mar it koe noch synysker: "Is hy al heit, dan?"

Trefwurden: 
freedsmerk Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)