Omrop TIP: De grins

14 apr 2017 - 06:33

‘De grins’ giet oer tsien profesjonele jonge Fryske dûnsers en fjirtich amateurdûnsers fan fyftich jier en âlder. Sy spylje yn de oangripende foarstelling ‘Grenzeloos’. Hjiryn wurde de dilemma’s fan de flechtling fielber. It momint fan ôfskied nimme fan harren dierberen, de libbensgefaarlike oertocht yn in boat oant it oankommen yn in lân dêr’t je frjemd binne.

Let's Dance

De dûnsfoarstelling Grenzeloos is ûnderdiel fan it Europeesk projekt Let’s Dance, dy’t jonge dûns- en teätermakkers stimulearje wol om dûnsteäter te meitsjen mei groepen minsken dy’t gjin of net folle dûnsûnderfining ha. Harren motto is dat elkenien dûnsje kin, ôfsjoen fan de leeftiid, ûnderfining of eftergrûn. Keunstwurk yn Ljouwert is dêryn partner mei dûnsers yn Bremen, Glasgow en Granada. It tema fan it projekt dy’t de dûnsers útdrage is migraasje.

De taal fan de dûns oan it wurd

In spannend momint yn it proses is as fiif flechtlingen út Syrië en Eritreä nei de foarstelling komme te sjen. Sy sjogge dernei mei harren hert en bin tige rekke. Yn de foarstelling is de taal fan de dûns oan it wurd en fertelt hoe’t it is om flechtsje te moatten.

Hjirboppe is alfêst de trailer te sjen en in ynterview mei trije Syryske flechtlingen út de dokumintêre. Se komme sjen by in repetysje fan 'Grenzeloos; in dûnsfoarstelling dy't giet oer wat sy sels meimakke hawwe. Mar wat binne de ferhalen fan dizze minsken sels?

De Fryslân DOK dokumintêre 'De grins' is op snein om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen. De dokumintêre is ek te sjen op NPO 2 op sneon om 15.30 oere en snein om 13.00 oere.

(advertinsje)
(advertinsje)