Learlingen út groep acht slagge foar kursus Stellingwerfsk

07 apr 2017 - 14:09
Foto: Lenus v.d. Broek

Tolve learlingen fan it Comperio College út Wolvegea binne freedtemoarn slagge foar in kursus Stellingwerfsk. De learlingen moasten in eksamen ôflizze yn it gebou fan de Stellingwarver Schrieversronte yn Aldeberkeap. Dêr moasten se oantoane dat se it Stellingwerfsk sawol skriftlik as mûnling behearskje. As tarieding krigen se de ôfrûne tiid les yn de taal. It Comperio College is bedoeld foar heechbejeftige learlingen út groep acht fan de basisskoallen yn East- en Weststellingwerf. Doel is dat takom jier wer in eksamen Stellingwerfsk ôfnaam wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)