Revalidatie Friesland nimt elektroanysk dossier yn gebrûk

07 apr 2017 - 14:02
Foto: Omrop Fryslân

Revalidatie Friesland hat freed op alle lokaasjes in elektroanysk pasjintedossier yn gebrûk naam. Dokters en oare behannelers hâlde dêryn alle ynformaasje oer de pasjinten by. It elektroansyk dossier makket de kommunikaasje tusken alle ferskate behannelers in stik makliker en better, seit Revalidatie Friesland. Sy beskikke no direkt oer in kompleet en aktueel byld fan it behanneltrajekt fan de pasjint.

It elektroanysk pasjintedossier makket it ek mooglik om makliker en flugger gegevens út te wikseljen mei oare soarchferlieners, bygelyks medysk spesjalisten yn sikehuzen. Yn de takomst makket it online soarchferliening mooglik. Pasjinten hâlde dan sels behannelingen by en kinne dy ek sels planne.

(Advertinsje)
(Advertinsje)