Wenplan 'Wonen op de Bult' moat romte meitsje foar filla's

In prachtich plan op papier wie it: it projekt Wonen op De Bult yn Aldeberkeap. De inisjatyfnimmers woene op it terrein fan it eardere sosjaal kultureel sintrum De Blughut in hofke oanlizze mei in stik as fyftjin wenhuzen, bedoeld foar âlderen. Mar de gemeente kiest foar in oar plan fan trije filla's dat ek yntsjinne is. En dat betsjut in streek troch de plannen dêr't de projektgroep jierren oan wurke hat. De gemeente seit dat der doedestiids frege is om mei plannen te kommen foar it terrein yn Aldeberkeap. Dêr kamen doe twa reaksjes op, it plan fan Wonen op de Bult en it plan foar trije filla's fan de Zethoven Bouwplan Groep. Dat lêste plan mei huzen yn it djoerdere segmint slút better oan op wat it kolleezje wol.