Bedriuwen entûsjast oer opsetten hannelsmissys nei Fryslân

07 apr 2017 - 13:09

By it midden- en lytsbedriuw yn Fryslân is in soad belangstelling om hannelsmissys nei de provinsje te organisearjen. Earder dit jier rôp de provinsje bedriuwen op om takom jier mei Kulturele Haadstêd, hannelsmissys nei Fryslân op te setten. Der wie rekkene op tsien belangstellenden, dat binne der yntusken al sechtjin. Undernimmers kinne noch oant 30 april mei in idee komme. De fiif bêste plannen wurde útkeazen. Dizze bedriuwen krije elk 20.000 euro. Hjirmei wol de provinsje bedriuwen fierder stimulearje om ynternasjonale hannel te dwaan.

(advertinsje)
(advertinsje)