Alderein yn Tsjummearum kin gewoan yn it doarp wenjen bliuwe

Soarchsintrum Nij Bethanië yn Tsjummearum is wer klear foar de takomst. In pear jier lyn luts soarchorganisaasje Noorderbreedte de stekker út it tehûs, mar wenningboustichting Wonen Noordwest Fryslân sprong yn it gat dat ûntstie. Om de leefberens yn it doarp te behâlden en omdat se brea seagen yn âldereinwenten yn it doarp. It tehûs is ferboud en fernijd. Guon apparteminten binne ferdûbele kwa grutte, mar der binne ek senioarewenten boud. Sa is Tsjummearum wer klear foar de fergriizjende generaasje.
Enerzjy foar it doarp
It doarp is tige wiis mei it fuortbestean en de fernijing. Neffens direkteur Rein Hagenaars fan de wenningstichting hat it ek op it doarp en de bewenners in positive ynfloed. Der is wer mienskipssin en it jout enerzjy oan bewenners om ek foar it behâld fan oare saken yn it doarp te striden. Ek de bewenners fan Nije Bethanië sels binne bliid, oars hiene se nei in oar doarp ferhúzje moatten.