Grouster restaurant Trije Hûs falt net mear te rêden

07 apr 2017 - 12:26

Restaurant Trije Hûs yn Grou kin as ferlern beskôge wurde. Dat seit de brânwacht, dy't it gebou kontrolearre útbaarne lit. De brân yn it restaurant bruts freedtemoarn om healwei alven út yn it restaurant. De brânwacht moast mei blusboaten en mobile bluspompen de brân blusse om't it restaurant him op in eilân oan it Prinses Margrietkanaal befynt. It wenhûs neist it restaurant koe al behâlden bliuwe. De brânwacht sil de kommende oeren noch neiblusse. 

Ofsûchkape

De brân soe by de ôfsûchkape ûntstien wêze, fertelt de broer fan útbater en sjefkok René Vaartjes. "Myn broer en in oar personielslid namen krekt in bakje kofje, wylst de pannen op it fjoer stienen. Doe't se werom kamen stie de ôfsûchkape yn de brân. Se hawwe doe ferskate blusflessen leechspuite, mar de brân wie net mear te hâlden." It restaurant is al goed 300 jier âld en der sitte in soad houten balken en reid yn.

It is de tredde hoarekabrân yn koarte tiid yn it wettersportgebiet. Yn novimber foarich jier baarnde it Skûthûs yn Warten ôf en ein febrewaris gie it Theehuis yn Grou yn flammen op. 

Trefwurden: 
Trije Hûs Grou brân ferlern
(advertinsje)
(advertinsje)